'Soarch grutste baneleveransier'

© Omrop Fryslân
De soarchsektor wurdt de grutste baneleveransier yn it Noarden. Dat makke wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW tiisdei bekend op in kongres yn Grins. Yn it Noarden is noch rêst en romte.
Foar de soarch binne it UMCG Grins, fersekerder De Friesland en Sportstêd It Hearrenfean grutte troeven. De soarch moat wol oars benadere wurde: net mear as needsaak om goed op minsken te passen, mar as in manier om jild te fertsjinjen.