Wolvegea foar nij spoarboekje

© Omrop Fryslân
De provinsje moat akkoart gean mei de nije NS-tsjinstregeling fan de NS, sa skriuwt de gemeente Weststellingwerf yn in brief oan Deputearre Steaten. Yn it nije spoarboekje krije plakken lykas Wolvegea, Akkrum en Grou in rappere ferbining mei Ljouwert en Swolle. Mar it betsjut ek dat de yntercityferbining mei de Rânestêd ferdwynt.
Fanwege protesten fan ûnder oare de provinsje wol de NS de nije tsjinstregeling nochris opnij besjen.