Weblog begjint mei Fryske Award

28 mrt 2006 - 17:34

Fryslân-weblog is útein set mei ferkiezings foar de bêste informative Fryske website. Kritearia foar de award binne foarmjouwing, ynhâld en 'it Fryske gefoel'. Wa't de award krijt, wurdt útmakke troch besikers oan de log, dy't oant 1 maaie elts ien kear stimme meie.

Der binne 13 sites nominearre wêr ûnder Afuk.nl, Wâldnet, Omrop Fryslan, Heitelân.nl, Fryskemp3.nl, de Friese Literatuursite en Friesland.nl

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)