Busferfier woansdei fergees

28 mrt 2006 - 17:33

Troch in aksje fan de sjauffeurs is it busferfier woansdei fergees. Wa't de bus ynstapt, hoecht gjin strippen ôf te stempeljen as er 'm solidêr mei de busjauffeurs ferklearret. Dat kin mei flyers dy't it fakbûn FNV útdielt op stasjons en mei in bon dy't yn ferskate kranten stiet.

De sjauffeurs komme yn aksje omdat se foarkomme wolle dat se lean kwytreitsje as harren regio oernaam wurdt troch in oar ferfiersbedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)