Boarnsterhim: FNP bûten de boat?

© Omrop Fryslân
De kâns is grut dat it nije kolleezje yn Boarnsterhim foarme wurdt troch PvdA en CDA. De partijen prate dêroer fierder, seit formateur Bouma.
Earder wie ek noch de FNP belutsen by de kolleezjefoarming. Mar dy partij soe wegere hawwe unanym it fertrouwen út te sprekken yn de wethâlderskandidaten fan de oare twa partijen. Ek wegere de FNP om op 'e tiid in kandidaat-wethâlder te neamen, sa seit ynformateur De Vries.