Woa'dboek-skriuwer ferstoarn

28 mrt 2006 - 16:13

Op it Amelân is ôfrûne freed Anton Oud ferstoarn, de gearstaller fan it Woa'deboek fan ut Amelands. Oud waard yn 1935 berne yn Buren. Sûnt 1977 hat er dwaande west it dialekt fan it eilân fêst te lizzen.

Foar syn fertsjinsten foar de Amelanner kultuer waar Oud ôfrûne novimber noch riddere. Anton Oud wurdt tiisdei op de Jouwer te hôf brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)