Nije opnames Shakey Sam fûn

28 mrt 2006 - 11:32

Fan 'e Frjentsjerter bluesgitarist Shakey Sam binne nije live-opnames fûn. Se leine op souder by Jan Dykstra, de âld-drummer fan Shakey Sam. It giet om in konsert yn de Frjentsjerter Koarnbeurs yn 1976 dat nea op LP of CD set is.

Shakey Sam, yn it gewoane libben Simon Vlietstra, die himsels in lyts 25 jier lyn tekoart. Op 6 maaie is der yn Frjentsjer in tributekonsert foar de Fryske bluesleginde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)