Taalûndersyk by pjutten

28 mrt 2006 - 11:26

Hûndert Fryske bern dogge op dit stuit mei oan in taalûndersyk fan de Fryske Akademy. It giet om bern tusken de twa en fjouwer jier. It bin net echt ynterviews. De Akademy-meiwurkers meitsje opnames fan de spontane taaluterings fan 'e bern.

De ynformaasje dy't se dêrút helje, wurdt brûkt foar logopedisten. Dy kinne dan tenei Fryske bern yn harren eigen memmetaal helpe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)