Meiwurker biten troch klant

28 mrt 2006 - 11:12

In meiwurker fan in winkel yn de Oude Doelesteeg yn Ljouwert is biten troch in klant, dy't besocht in broek te stellen. De meiwurker hearde it alarm en seach in man en in frou fuortrinnen. Hy achterhelle se op de Nijstêd. De man koe útnaaie, mar de frou waard meinommen nei de winkel.

Doe't sy fuort woe, waard se tsjinhâlden en biet se de meiwurker yn de earm. De frou is mei help fan klanten oerdroegen oan de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)