Fernielings Minnertsgea

28 mrt 2006 - 11:10

Yn Minnertsgea binne yn de nacht fan sneon op snein in grut tal fernielings pleegd. Yn ferskate tunen yn it doarp binne buksusbeamkes en konifearen út de grûn lutsen.

Op de Hermaniawei binne de beamkes tsjin in rút smiten. Yn deselde strjitte binne ek twa ruten fan in wenning fernield. Yn de Skoalstrjitte is mei de planten in auto fernield. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)