Taalkampanje yn bleate kont

28 mrt 2006 - 10:42

Yn East-Fryslân hinget sûnt koarten in bysûnder affisje om it East-Frysk te promoaten. Op it affisje is in bleate man te sjen mei op syn rjochter bil in tattoo mei de tekst maakt in Oostfreesland (makke yn East-Fryslân).

De feriening Oostfreeske Taal wol sa ta utering bringe dat it East-Frysk cool is en der by heart, ek as je bleat binne. It bestjoer fan de feriening fûn it heech tiid foar in kampanje, omdat it East-Frysk ûnder druk stiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)