Dyk Warns-Starum ûnfeilich

© Omrop Fryslân
De dyk tusken Warns en Starum moat sa gau mooglik feiliger makke wurde. Yn augustus giet de skoalle yn Starum ticht. De bern moatte dan op de fyts nei Warns nei skoalle. De ôfstân is net sa'n probleem, mar op de dyk wurdt faak te hurd riden en dan it de kâns op ûngelokken grut.
Wethâlder Rodenhuis fan de gemeente Nijefurd hat sein dat der wurke wurdt oan plannen om de dyk feiliger te meitsjen.