Nije hierwenten foar De Harkema

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen hat op 'e Harkema in lokaasje fûn foar tweintich nije hierwenten. It giet dan om it gebiet by de Singel oan 'e noardkant fan it doarp. Op de grûn is wol de Wet Foarkarsrjocht Gemeenten fan tapassing. Dat betsjut dat de perselen de earste twa jier net ferkocht wurde meie.
Achtkarspelen mei fan de provinsje hûndert ekstra hierwenten bouwe: Bûtenpost en Surhústerfean elk fjirtich en De Harkema tweintich.