Minimale yninting fûgels

28 mrt 2006 - 10:31

Foar de faksinaasje fan hobbyplomfee is suver gjin belangstelling. De bisten meie sûnt oardel wike yninte wurde tsjin fûgelgryp, mar dat wurdt hast net dien. Foardat in fûgel in prikje krijt, moatte in soad formulieren ynfold wurde.

In soad hinnehâlders hawwe ek gjin belang by it ynintsjen, omdat de fûgels by in eventuele útbraak dochs ôfmakke wurde. Der wurdt minimaal faksin oanfrege. Yn trochsneed docht ien op fiif bistedokters in oanfraach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)