Weening 8e yn Montherme

27 mrt 2006 - 18:04
Foto: Omrop Fryslân

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is by it Criterium International yn it Frânske Montherme as achtste einige yn it algemien klassemint. Sneon yn de earste etappe kaam Pieter as fyfde oer de streek en snein waard er njoggende.

Winner fan it kritearium waard de Italiaan Ivan Basso. Erik Dekker fan de Rabo-ploech waard twadde yn it einklassemint.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)