De Jouwer wint mei 4-0

27 mrt 2006 - 16:15
Foto: Omrop Fryslân

Sneinshaadklasser De Jouwer wûn snein op it eigen fjild maklik mei 4-0 fan de nûmer lêst fan de ranglist, Germania út Groesbeek. Grutte man by De Jouwer wie Karst Geertsma. Hy wie belutsen by alle doelpunten fan De Jouwer yn dizze wedstriid.

De oare haadklasser, Snits, ferlear yn Grins kânsleas mei 3-0 fan Be Quick 1887.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)