Topdrokte by Dokterswacht

27 mrt 2006 - 14:25

By de Dokterswacht Fryslân hat it ôfrûne sneon opmerklik drok west. Benammen yn Ljouwert en op It Hearrenfean wie it smoardrok. De wachttiden rûnen op ta wol 2 of 3 oeren.

Foaral moarns en middeis wie der foar minsken hast net troch te kommen. Nei alle gedachten is de grypgolf de oarsaak fan de drokte. Neffens direkteur Toeter fan de Dokterswacht ha him gjin gefaarlike situaasjes foardien troch de lange wachttiden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)