Hearrenfean wint fan Twente

26 mrt 2006 - 16:26
Foto: Omrop Fryslân

Hearrenfean hat sneontejûn de útwedstriid tsjin FC Twente mei 1-2 wûn. De einstân stie al by rêst op it skoareboerd. Beide goals fan Hearrenfean waarden makke troch Lasse Nilsson. N'Kufo skoarde foar Twente.

Benammen yn de earste helte makken beide ploegen der in oantreklike wedstriid fan. Troch de winst fan Hearrenfean en it lykspul fan FC Grins komt de ploech fan Gertjan Verbeek wer wat tichter by it fyfde plak.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)