Fakbûnen yn petear mei Vos

© Omrop Fryslân
De fakbûnen sille moandeitemiddei om de tafel mei direksje fan transportbedriuw Vos Logistics oer nije ûntslaggen by it bedriuw. Vos hat ûnder oare in festiging yn Surhústerfean. Sneon is der noch mei it personiel praten, mar wat dêr krekt útkaam is, wolle de fakbûnsbestjoerders noch net kwyt.
Ferline jier bruts by Vos Logistics yn Surhústerfean noch in wylde staking út. Dat hie te krijen mei it ynsetten fan goedkeape sjauffeurs út East-Europa.