Flyers ferspylje lânstitel

© Omrop Fryslân
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers ferlearen sneontejûn de fyfde en beslissende wedstriid tsjin Nijmegen mei 2-5. It betsjutte de tredde oerwinning foar Nijmegen yn de finale fan de play-offs. En dat wie de beslissende, want yn play offs giet it om de 'best of five' searje. De lânstitel giet dêrmei nei Nijmegen.
De perioadestannen wiene 0-2, 2-2 en 0-1. De Flyers spilen net goed, de oerwinning fan Nijmegen wie terjochte.