Iepen dei by scouts

© Omrop Fryslân
Sân Fryske scoutinggroepen diene sneon mei oan de Nasjonale Scoutingdei. In soad groepen hiene sneon de doarren fan har klubhûs iepene foar publyk. Oaren hâlden aktiviteiten op lokaasje. By de Scoutinggroep yn Ljouwert waar ûnder oare in survival hâlden.
Yn Boalsert waard in Afrikaanske middei hâlden, mei ûnder oare hutten bouwe en stokbôle bakke. De scouts fan De Jouwer stiene yn de winkelstrjitte mei in diske mei ynformaasje en in priisfraach.