De Lektuurhal yn Snits ticht

26 mrt 2006 - 14:12

Kiosk de Lektuurhal yn Snits wie sneon foar it lêst iepen. Eigners Arnold en Mia Balk koene gjin opfolger fine om de saak oer te nimmen. De Lektuurhal siet al 35 jier yn it sintrum fan Snits en ferkocht tiidskriften, kranten, stripalbums en ansichtkaarten.

Sneon koene de fêste klanten ôfskie nimme en sneontemiddei folge de sluting mei de bern en famylje fan de eigners. It filiaal fan de Lektuurhal oan de Kelder yn Ljouwert bliuwt wol iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)