Nanke Hartsuyker(PvdA) ferstoarn

© Omrop Fryslân
Ald-steatelid Nanke Hartsuyker út Harns is freed ferstoarn yn 'e âldens fan 65 jier. Frou Hartsuyker-Terpstra wie 12 jier lid fan 'e steatefraksje fan 'e Partij van de Arbeid. Hartsuyker spande har yn 'e polityk foaral yn foar minsken dy't it net maklik ha yn 'e maatskippij. Bert Versteeg fan 'e PvdA neamt har in typyske 'minske-politika'.
Hartsuyker ferlitte de Fryske polityk yn 2003. Sûnt dy tiid sette se har fral yn foar de Stichting Foreign Child.