Wynja krijt de sulveren ljip

© Omrop Fryslân
Yn it provinsjehûs yn Ljouwert hat Joop Wynja fan Parregea sneontemiddei de sulveren ljip krigen foar it finen fan it earste ljipaai fan Fryslân. Wynja fûn dat aai freed tusken Blauhûs en Tsjerkwert. Neidat Kommissaris fan 'e Keninginne Nijpels it aai lottere krige Wynja it byldtsje en fyftjin euro.
Wynja sei dat it ien fan 'e moaiste dagen fan syn libben is. Anne Osinga fan 'e BFVW wie ek bliid, omdat Wynja ek in betûft neisoarger is.