Iepen dei soarchbûlevaar Snits

© Omrop Fryslân
Sawat 1500 minsken ha sneon de nije soarchbûlevaar by it sikehûs yn Snits besjoen. By de soarchbûlevaar waard iepen dei hâlden. Foaral de workshops oer bygelyks gebaretaal en oefeningen tsjin stress lutsen in soad minsken.
Yn de soarchbûlevaar sitte ûnder oare de thússoarch, de Griene Krús-winkel en Mee Friesland. Tongersdei is de nije soarchbûlevaar offisjeel iepene. Dat wie sneon oanlieding om in iepen dei te hâlden. De reaksjes wiene posityf.