Gjin 'Uit Liefde' yn iisherberch

© Omrop Fryslân
De foarstelling fan it toanielstik Uit Liefde yn 'e Dokkumer iisherberch kin sneontejûn net trochgean. It stik soe opfierd wurde troch toanielgroep Amsterdam, mar haadrolspiler Joop Admiraal is hommels ferstoarn. Admiraal wie 68 jier. Hy wie sûnt de oprjochting aktyf belutsen by de toanielgroep.
It stik Uit Liefde wie op 23 febrewaris yn IJmuiden yn premiêre gien. De iisherberch besiket om alle minsken mei kaarten yn't foar te beljen.