Cambuur gjin perioadewinner

26 mrt 2006 - 00:00

Cambuur Ljouwert is der net yn slagge om de sechde perioade yn de Gouden Gids-divyzje te winnen. Sels wûnen de Ljouwerters freed foar 7600 taskôgers mei 4-1 fan Veendam.

Mar troch in 2-1 oerwinning fan AGOVV Apeldoorn op Go Ahead Eagles is AGOVV winner wurden fan de sechde perioade. AGOVV hat 16 punten. Dat is in punt mear as Top Oss. Cambuur is nûmer trije mei 14 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)