Fiif nije Wâldrock-bands bekend

25 mrt 2006 - 17:37

Der binne wer fiif nije bands tafoege oan de line-up fan Wâldrock 2006. Dat binne de trashband Trivium, powermetalband Kamelot, Alice in Chains, Stone Sour en de latin-metalband Ill Nino.

Njonken dizze fiif bands binne ek Soulfly, Y&T, Deicide, Motörhead, Dragonforce en Helloween kontraktearre. De kommende wiken wurde noch fjouwer bands tafoege. Wâldrock wurdt holden op sneon 1 july yn Burgum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)