Ties Zweers nei Opsterlân

25 mrt 2006 - 12:06
Foto: Omrop Fryslân

CDA-fraksjefoarsitter Ties Zweers fan de gemeenteried fan Smellingerlân hâldt dermei op. Hy stapt yn maaie út de gemeenteried om gemeentesiktaris te wurden yn buorgemeente Opsterlân.

Dêr wurket er al as haad Romtlike Untwikkeling. It fuortgean fan Zweers sil neffens it CDA gjin ynfloed hawwe op de kolleezje-ûnderhannelings mei de PvdA, dy't op dit stuit oan de gong binne.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)