'SAR-heli's net út Ljouwert wei'

25 mrt 2006 - 10:19

De SAR-helikopters meie ûnder gjin betingst ferdwine út Ljouwert. Dat wie it boadskip dat de fêste keamerkommisje fan Definsje freed meikrige. Minister Kamp fan Definsje wol de helikopters nei Den Helder gean fanwege besunigings.

De provinsje en de Waadeilannen binne benaud dat dat ten koste giet fan de helpferliening op de eilannen. De kommisje, besteande út ferskate keamerleden, brochten in besite oan de fleanbasis yn Ljouwert en oan Skylge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)