De Rouwe CDA-foarsitter Boalsert

25 mrt 2006 - 10:12

Sander de Rouwe wurdt de nije fraksjefoarsitter fan it CDA yn Boalsert. Hy folget Jentje Steringa op dy't fise-foarsitter wurdt. It CDA yn Boalsert wûn as iennige yn Fryslân.

De kristen-demokraten krigen hast 40% fan de stimmen en binne mei 5 fan de 13 sitten de grutste partij fan Boalsert. Sander Rouwe is 25 jier âld en dêrmei de jongste CDA-fraksjefoarsitter ea. Fernanda Teernstra (23) is lykwols it jongste lid fan de CDA-fraksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)