Famke slacht man yn rjochtbank

25 mrt 2006 - 08:49

Grutte konsternaasje freed yn de rjochtbank yn Ljouwert. Yn de hal sloech in famke út Haulerwyk in jongeman út Oerterp yn it gesicht. Se wie lilk wurden om't de man har mem beskuldige hie fan bedriging mei in neppistoal.

Dêrfoar moast de 36-jierrige frou út Haulerwyk freed foarkomme by de plysjerjochter. Mar safier kaam it net. Troch de stress waard se net goed. De rjochtsaak wurdt no oanholden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)