Oanhâldings troch kamera's
De kamera's dy't ferline wike yn it sintrum fan Ljouwert ophongen binne, ha de plysje yn steat steld om trije minsken oan te hâlden. Dy wiene belutsen by in fjochtpartij yn de Alde Doelesteech.
De knokkerij ferpleatste him nei it Ruterskertier. Meiwurkers fan de meldkeamer seagen de bylden en stjoerden de plysje derop ôf. Dy hold manlju út Harns, Frjentsjer en Ljouwert oan.