Fennema fuort by VC Snits
Volleybaltrainer Martin Fennema hâldt oan 'e ein fan dit seizoen op as trainer fan de manlju fan volleybalclub Snits. Fennema en de club geane yn goed oerlis út elkoar.
Snits stiet op dit stuit sechsde yn de Earste Divyzje A. Dêrmei hat de club noch in oantal punten nedich om net te degradearjen.