Pranjic hat hamstringblessuere

24 mrt 2006 - 22:02

Danijel Pranjic is der net by yn de útwedstriid tsjin FC Twente. De Kroaat hat in hamstringblessuere. Foar him spilet de Deen Hjalte Bo Norregaard. Ek Arnold Bruggink spilet net mei. Hy krige tsjin RKC Waalwijk in giele kaart en is dêrtroch skorst.

Fermoedelike opstelling: Vandenbussche, Poulsen, Breuer, Hansson, Drost, Norregaard, Kissi, Bosvelt, Yildirim, Tarvajärvi en Nilsson.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)