Ynset âlderwetske mûnen

© Omrop Fryslân
Alderwetske mûnen moatte de kommende jierren derfoar soargje dat wy ús fuotten droechhâlde. Wetterskip Fryslân hat stifting De Fryske Mole frege om by slimme reinbuien in berop dwaan te kinnen op 20 mûnen yn it lânskip.
Dy kinne likegoed it oerstallige wetter fuortpompe as de nije gemalen. It wetterskip mient mei dizze maatregel foarearst ús provinsje droech te hâlden. De oerienkomst waard freed tekene.