Undúdlikens oer bydrage Rotary

24 mrt 2006 - 16:26

Der is ûndúdlikens oer in bydrage fan hast 10.000 euro fan de Rotary Club fan It Hearrenfean, oan in psychiatrysk sikehûs yn Gambia, Afrika. In delegaasje fan It Hearrenfean hat trije wike lyn yn Gambia west, mar krige dêr te hearren dat it jild nea oankaam is.

By de Rotary Club op It Hearrenfean is no in ûndersyk ynsteld. Neffens wurdfierder Jan Hemminga is it jild gewoan oankaam en is der yn Gambia sprake fan in misferstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)