Mear klanten foar Avero Achmea

24 mrt 2006 - 15:42

De soarchferskersingstak fan Avero Achmea fan Ljouwert is it ôfrûne jier spektakulêr groeit. Mei-inoar krige it bedriuw der 243 tûzen nije klanten by. De soarchtak is dêrmei hast ferdûbele.

En ek yn Fryslân hat Avero Achmea in soad nije klanten binnen helle. De groei komt de fersekerder wat oer it mat. Klanten moatte langer as gewoan wachtsje om holpen te wurden. It bedriuw hat ekstra minsken oannaam om de efterstânnen fuort te wurkjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)