Nij kolleezje B&W op Skier

© Omrop Fryslân
It nije kolleezje fan boargemaster en wethâlders op Skiermûntseach sil de kommende fjouwer jier foarme wurde troch de partijen Ons Belang en Schiermonnikoogs Belang. Foar de lêste partij bliuwt Louis Wiersema wethâlder.
Foar Ons Belang sil Bert Korendijk de nije wethâlder wurde. Hy wie dat ek al yn de perioade 1998 - 2002. Ons Belang foarme de lêste 4 jier de opposysje. Dy rol is de kommende jierren foar de Christelijke Groepering Schiermonnikoog.