PvdA-wethâlder stapt op

© Omrop Fryslân
PvdA-wethâlder Arend Veenstra yn de gemeente Achtkarspelen komt net wer werom yn it kolleezje fan B&W. Veenstra fielt him min behannele troch syn eigen partij en fraksje.
Veenstra hie tocht de iennigste kandidaat-wethâlder te wêzen, mar der binne noch twa kandidaten. By Veenstra komt dat as in moasje fan wantrouwen oer. Hy lûkt him ek werom as riedslid en seit syn lidmaatsskip fan de partij op.