Oanpak alkoholmisbrûk âlderein

24 mrt 2006 - 12:14

Ferslavingssoarch Noard-Nederlân hat in spesjale oanpak ûntwikkele om problemen mei alkoholmisbrûk yn fersoargings- en ferpleechhûzen op te lossen. Neffens lanlike sifers hat hast 10 persint fan de bewenners fan de fersoargingshûzen in alkoholprobleem.

Foar it personiel is it dreech om dêr mei om te gean en dêrom waard de Ferslavingssoarch om help frege. Der is no in foarljochtingsprogramma ûntwikkele foar âlderein en personiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)