Buwalda: 'Wy binne der noch net'

© Omrop Fryslân
Der is noch hieltiten in mooglikheid dat it net slagget om Cambuur te rêden. Dat sei Buwalda út namme fan de fjouwer sakelju tongersdei live foar Omrop Fryslân TV. It probleem sit him yn in stikmannich krediteuren dy't net akkoart geane mei it falle litten fan 80 persint fan har foarderings.
It giet neffens Buwalda noch om in probleem fan 'ferskate tonnen'. It ynterim-bestjoer fan Cambuur is yn petear mei de krediteuren.