Tai Chi-festival giet net troch

© Omrop Fryslân
It Tai Chi Chaun-festival, dat takom wike op It Amelân plakfine soe, giet net troch. It giet om it fjirde grutte sportevenemint op it eilân. Tai Chi is de trening fan it lichem en de geast. De organisaasje hat oanjûn dat de tariedingstiid te koart wie om der in grut evenemint fan meitsje te kinnen.
It festival wurdt no yn maart 2007 holden mei treningen, workshops en in Sineeske merk. Inisjatyfnimmer is de stifting Sportpromotie Ameland.