600ste lid 'Ut Eigen Gea'

© Omrop Fryslân
It tydskrift 'Ut Eigen Gea' oer de skiednis fan Skarsterlân hat har 600ste abonnee binnen helle. Dat is folle earder as dat de redaksje fan it blêd tocht hie. Doe't yn 2004 it earste eksimplaar út kaam wiene de ferwachtings dat pas yn 2008 it 600ste lid him oanmelde soe.
Boargemaster Kuipers fan Skarsterlân krijt mei koarten inkele argyfstikken oanbean. De stikken ûntbrekke al jierren yn it gemeentlik argyf.