Gedicht Annemarije op De Dam
Annemarije_Baars (17) út Frjentsjer mei op de jierlikse Deadebetinking yn Amsterdam har gedicht foarlêze. Se wûn woansdei yn Ljouwert mei ´Gesloten Deur´ de jierlikse poezijwedstriid Dichter bij 4 mei. De kompetysje is alle jierren yn in oare provinsje. Dit jier wie Fryslân oan bar.
Der wiene 282 ynstjoerings. Bregtje_Sijtsma, Hilal_Önlü en Andrea_Bos meie harren gedicht foarlêze op betinkings yn Westerbork, Vught en Amersfoort.