'Krediteuren moatte ek meidwaan'

© Omrop Fryslân
Pas as de krediteuren ek troch de bocht gean, is der sprake fan in rêding fan Cambuur. Dat seit direkteur Harjan van Dam fan de Ljouwerter betelle fuotbalklub. Fan de 180 skuldeaskers moat Cambuur noch mei likernôch de helte in akkoart berikke.
Dy skuldeaskers soene der noch mei ynstimme moatte dat sy mar 20% fan it bedrach krije dat Cambuur har skuldich is. Van Dam is wol bliid mei it akkoart oer de ferkeap fan it stadion.