Histoaryske pleatsen ûndersocht

23 mrt 2006 - 17:09

De provinsje lit dizze maitiid in ûndersyk dwaan nei histoaryske pleatsen. Besjoen wurde hoe't de steat fan ûnderhâld fan dy pleatsen is. De provinsje fynt dat de boerepleatsen behâlden bliuwe moatte foar de takomst.

De Monumintewacht sil it ûndersyk útfiere. Der binne njoggentûzen histoaryske pleatsen yn Fryslân. Dêrfan wurde sechtich ûndersocht. Dy binne útsocht op ferskate kriteria lykas funksje fan de pleats, boujier en type.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)