Mobyl hingplak jeugd Drachten

© Omrop Fryslân
De jongerein fan Drachten hat in mobyl hingplak krige. It giet om in tal ferrydbere skermen, mei beamers, ljochtstralers en kleurrike opblaasbannen om op te hingjen. It hingplak stiet yn de wyksintrum De Wiken. De tieners ha sels in ûntwerp útkeazen út in tal ynstjoerings.
Foardiel fan it mobile hingplak is dat it sa wer opromme wurde kin, as der oare aktiviteiten yn it wyksintrum binne.