Gjin beslach mear op feestapel

23 mrt 2006 - 13:48

It beslach op it fee fan feehâlder Van der Ploeg yn Wergea is opheft. Dat hat de rjochter woansdei bepaald. De BV Tollebekerhout hie beslach lizze litten op de feestapel fanwege in skeel oer de ferkeap fan in stik grûn yn België. Beide partijen kamen ta in skikking wêryn bepaald is dat Van der Ploeg goed fiif miljoen euro betelje moat.

De BV drige de feestapel te feilen as Van der Ploeg net betelje soe. Dat hat er lykwols noch hieltyd net dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)