'Dongeradyk 60-km is gefaarlik'

© Omrop Fryslân
De wei Ternaard-Easternijtsjerk ta 60-km-dyk meitsje is net goed foar de feiligens. Dat fynt it CDA yn de gemeente Dongeradiel. De provinsje Fryslân bout de trochgeande Dongeradyk op dit stuit om ta 60-km-dyk. It CDA is it dêr net mei iens.
Foar automobilisten fan 'e smellere diken út Wierum, Hantumhuzen en Nes noeget de brede Dongeradyk út ta hurder riden. Yn de gemeente binne inkeld by lintbebouwing 60-km-diken.